Ljouwert: safolle mooglik amtners leare te reanimearjen

25 maaie 2016 - 12:51

De gemeente Ljouwert soarget dat safolle mooglik amtners leare hoe't se in AED brûke moatte en boargerhelpferliener wurde kinne. Dat stiet yn in konvenant fan de gemeente mei de Stichting Fryslân Hartveilig. Beide partijen hawwe de ôfspraken woansdeitemiddei ûndertekene yn it mediakafee fan Omrop Fryslân.

De Omrop hâldt mei mediapartners Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd de hiele wike aksjes om safolle mooglik minsken te freegjen boargerhelpferliener te wurden. Sy wurde ynskeakele as ien in hertstilstân krijt.

De boargerhelpferlieners kinne faak earder te plak wêze as in ambulânse en dat fergruttet de oerlibbingskâns fan it slachtoffer.

Lês alles oer de aksjewike 'Klopjend hert foar Fryslân' op ús spesjale webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)