Tsjûge helpt plysje by arrestaasje fan trije ynbrekkers

25 maaie 2016 - 11:32

Mei help fan in attinte tsjûge hat de plysje op It Hearrenfean tiisdeitenacht trije ynbrekkers oanhâlden. De bewenner fan de wenwyk Nijehaske seach dat nachts in auto yn syn strjitte parkeard waard, dêr't dêrnei trije ûnbekende manlju út stapten.

De bewenner fertroude it net en belle de plysje. Wylst dy de saak ûndersocht, kaam der in melding binnen fan in ynbraak yn in hûs oan it Klylân. Doe't de ynbrekkers werom kamen by de auto, seagen se de plysje en naaiden se rinnendewei út. De plysje koe harren koart dêrnei oanhâlde.

It giet om twa Ljouwerters fan 20 en 22 jier en in 21-jierrige man sûnder fêst wenplak. De fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)