Edukaasjesintrum De Rietnymf iepenet eigen otteropfang

Yn Munnikebuorren is fan woansdei ôf in opfang foar otters. It giet benammen om jonge otters fan wa't de âlden deariden binne. De bisten kinne fan no ôf nei de otteropfang brocht wurde.
De opfang is ûnderdiel fan natuer- en edukaasjesintrum De Rietnymf yn de Grote Veenpolder. Frijwilligers fange de otters op, mar soargje der wol foar dat se wyld bliuwe. Sa kinne de otters nei in jier wer útset wurde yn de natuer.