Prins Constantijn by Wetsus: 'Uitdagingen op watergebied'

'Er zijn veel uitdagingen op het gebied van water. Kijk maar naar de problemen in de wereld. Vervuiling, droogte en overstromingen. Dus we moeten innoveren.' Dat sei Prins Constantijn woansdeitemoarn, by de start fan it 'Water Tech Fest' by Wetsus yn Ljouwert.
Hjir kinne ûndernimmers, ynvestearders en starters mekoar moetsje en netwurkje. Der wurde 150 oant 200 dielnimmers ferwachte. It evenemint wurdt hâlden yn it ramt fan 'Startup Fest Europe'. Op ferskate plakken yn Nederlân binne aktiviteiten.
Tiisdei waard bekend dat Prins Constantijn de nije ambassadeur foar startups wurdt. Hy folget Neelie Kroes op.