File op Aldlânsdyk troch steuring yn brêge

© Omrop Fryslân, Afke Boven
De brêge yn de Aldlânsdyk by finzenis De Marwei hat woansdeitemoarn krekt nei de moarnsspits in tiidlang iepenstien. De brêge hie lêst fan in technyske steuring en bleau dêrom iepenstean.
It gefolch wie in lange file op de Aldlânsdyk. Uteinlik gie de brêge wer nei ûnderen. Der wurdt no útsocht wat de steuring krekt west hat.