Kollum: "Lantearnepealpraat"

25 maaie 2016 - 08:43

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Gemeentepolityk. Jûn yn de gemeenteried fan Smellingerlân, sis mar Drachten, stiet it fersyk fan de Eerste Lokale Partij, de ELP, op de aginda om no ek yn Drachten in keapsnein te krijen. Dat is yn de rest fan de wrâld al regele, útsein Urk en Staphorst. Lykwols oan it begjin fan de gearkomste sil der in ferklearring útsprutsen wurde troch de kolleezjepartijen PvdA, D66, CU en SP dat se net meigean sille yn it fersyk fan de ELP.

Sterker, dat diskusje dus gjin inkeld doel hat. Sjoch, yndertiid by de foarming fan in kolleezje hiene se de ChristenUnie nedich. En dy mompele “gjin keapsnein”. De SP fûn dat eins ek wol goed. De wurknimmers yn de winkels, dat binne dus SP oanhingers, ha it leafste dat de winkels op sneon ek noch ticht binne. En foar't PvdA en D66 it goed yn ’e rekken hiene, stie yn it oannommen kolleezjeprogramma dat der yn Drachten gjin keapsnein komme sil. Nimmen krimmenearre.

De rest fan de wrâld waard lykwols gauwer moderner as dat se tochten. Dus ha se twa jier letter de ûndernimmers ek noch mar ris wat frege. En ferdikkeme, 99 persint fan dy ûndernimmers woe wol in keapsnein. Dus de ELP die wat se dwaan moast, keapsnein. Foarsichtich seagen PvdA en D66 ris nei benammen de CU. Dy seit dat se de leden (hoefolle bin dat noch?) efkes frege ha. Dy twa leden ha nee sein, dus seit de CU ek nee. De SP bliuwt ek nee sizze, want dy wolle graach oan har eigen motivearringen hâlden wurde.

Mar dat de PvdA en D66 no ek nee sizzen bliuwe, tsjin har eigen wrotten yn om fan Drachten no einlik ris in wat libben plak te meitsjen, seker op de sneinen as je wol in kanon troch de buorren ôfsjitte kinne. Nimmen hie dat ferwachte. De ELP sjocht yntusken al ôfgeunstich nei Tytsjerkesteradiel, eins in noch folle kristliker gemeente as Smelingerlân. Dêr wurdt Burgum klearmakke foar de keapsnein. No, dat is fanút Drachten wol te beriden. En ik tink dat de ELP mar in fiskkream begjinne moat sneins by de Betheltsjerke yn de Haven. Yn elts gefal stean ús skitterjende debatten te wachtsjen.

Gemeentepolityk. CDA en FNP foarmje it kolleezje fan Marrelân. Dêr leit Sint-Nyk ek yn. Yn Sint-Nyk stiet sûnt jier en dei de benzinepomp fan Harry Nota, it CDA gewisse fan it âlde Skarsterlân. Hat noch genôch prikken yn it spul tink ik sa. Ronnie de Vries, in FNP-er fan Skarsterlân, wennet ek yn Sint-Nyk. Hy wol mei syn soan Per Anton in ûnbemanne benzinestasjon ha oan de Tsjûkemarwei. As dat dêr komme soe, hat Harry fansels dikke skea, want dan hoech je dy rotonde net ôf. En betelje je wierskynlik minder.

Mar no is de fraach komt it der wol? Want De Vries moat eins justjes mear swaairomte ha foar de frachtweinen, as dat hy grûn hat. En dan krij je it âlde bestimmingsferhaal. Provinsje en gemeente (Skarsterlân wie dat noch) woenen net dat der net-lokale bedriuwen oan de Tsjûkemarwei kamen. It stiet der grôtfol fan, mar oeral ha se wol in idioate ferklearring foar. Mar in ûnbemanne benzinestasjon, ik wit net.

Boppedat moat de ried der no oer te set. Tsja. Nota hat syn CDA kompanen echt wol wekker skodde. En De Vries wurdt fansels stipe troch syn âlde FNP maten dy’t fia Marrelân no ek yn it kolleezje sitte. Der moat efter alle doarren geweldige moaie diskusjes oan ’e gong wêze. Spitich dat it net yn it publyk útfochten wurdt. De provinsje hat yn elts gefal de hannen omheech dien en sein: ”jim fjochtsje it dêr mar út”. No ja en dan is it aanst safier: hokker partij helpt it CDA, sis mar Nota en hokker partij stipet de FNP, sis mar De Vries? Der stean ús skitterjende debatten te wachtsjen.

Tsja. Gemeenten moatte tsjintwurdich ús sûnenssoarch regelje. Gemeenten moatte asylsikers te plak bringe, mear as dat se oankinne en betelje. Gemeenten moatte harren wegen better fersoargje, en dêr ha se ek gjin jild foar. Gemeenten binne in wichtige ferbining tusken de grutte Europeesk tinkende oerheid en ús. Soenen dy gemeenten dan no net ris ophâlde mei dat domme lantearnepeal-geâldehoer?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)