Sjauffeurs iepenbier ferfier binne ree om te staken

25 maaie 2016 - 07:46

De kâns dat der binnen twa wiken stakings yn it iepenbier ferfier komme, is hiel grut. Neffens fakbûn FNV hawwe leden yn Drachten tiisdeitejûn unanym foar aksjes stimd. Dêrmei wolle de fakbûnen de wurkjouwers ûnder druk sette om mei in better leanbod kommen. Der wurdt al sûnt ein 2015 ûnderhannele oer in nije cao, mar de bûnen en wurkjouwers komme der net út.

Stroffelblok is foaral in leanbod fan 1,75 prosint. De bûnen en harren leden fine dat te min. Yn Drachten kamen fjirtich sjauffeurs op de gearkomste ôf. Dy wiene unanym foar aksjes.

Ultimatum

De fakbûnen prate woansdeitejûn noch yn Ljouwert mei harren leden, mar sjoen de lûden út de rest fan it lân binne aksjes ûnûntkomber. De bûnen lizze de wurkjouwers kommende wike earst in ultimatum foar.

Komt dêr net in reaksje op, dan wurdt der binnen twa wiken staakt. De reizgers sille lêst krije fan de aksjes, want publyksfreonlik wurdt it net, seit FNV-ûnderhanneler Pieter Beuzenberg.

Neffens him binne sjauffeurs yn 2008 troch de wurkjouwers op hurde wize ôfrekkene foar it hâlden fan publyksfreonlike aksjes en sit dat de sjauffeurs noch hieltyd dwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)