Balk bliuwt yn race foar haadklasse nei winst yn Dordrecht

24 maaie 2016 - 22:32

De fuotballers fan Balk ha yn de neikompetysje foar in plak yn de haadklasse poerbêste saken dien. Yn Dordrecht waard Oranje Wit mei 3-0 ferslein. Johan Geertsma sette syn ploech yn de 25e minút op foarsprong. Hy fersulvere in strafskop neidat Karst Geertsma dellein wie yn de 16-meter.

Yn de twadde helte spile Pieter Wijnja syn man út en puntere de 2-0 tsjin de touwen. Balk hie it somtiden dreech, mar keeper Hessel Altenburg woe gjin belies jaan. Beerend Altena soarge mei in hurde kopbal út in hoekskop foar de einstân.

Sneon op sportpark De Wilgen yn Balk is Heinenoord de folgjende tsjinstanner. Heinenoord moat ferslein wurde om de finale (twa wedstriden) fan de neikompetysje te heljen. Heinenoord hat seis punten, Balk fjouwer.

Trefwurden: 
fuotbal Balk neikompetysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)