Marit Bouwmeester begjint sterk yn Medemblik

24 maaie 2016 - 19:46

Marit Bouwmeester is goed begûn oan de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. De Wartenster sylster hearsket yn de Laser Radialklasse nei twa oerwinningen. Bouwmeester krijt konkurrinsje fan lângenoate Maxime Jonker en de Belgise Emma Plasschaert, dy't twadde en tredde stean yn it klassemint. De ynternasjonale top is net oanwêzich yn Medemblik.

Bouwmeester is foldien mei de races yn Medemblik. "De ôfrûne trije wike ha ik mei de Nederlânske froulju traind op Scheveningen en yn it krachthonk. Hjir wol ik gewoan lekker race en dat giet goed'', sei Bouwmeester, dy't nei Medemblik ek noch de wrâldbeker yn Weymouth sile sil. "Dêr is de tsjinstân wer wat swierder. We binne oan it opbouwen rjochting Rio."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)