Caparis wol direkteur Tjerk Sinnema net wer op de wurkflier

24 maaie 2016 - 18:56

Wurkfoarsjenningsorganisaasje Caparis wol direkteur Tjerk Sinnema net wer werom yn tsjinst nimme, ek al hat de rjochter dat yn in koart pleit wol oplein. Sinnema hat dat tiisdeitemoarn yn in petear mei Caparisdirekteur Ben Gerrits te hearren krigen.

Sinnema befêstiget de útkomst fan it petear en seit dat Caparis mei in nij koart pleit besykje wol de weromkomst fan Sinnema te kearen. It soe net útfierbaar wêze, hat Sinnema nei eigen sizzen fan de Caparis-direkteur te hearren krigen.

Teloarstelling

Sinnema is tige teloarsteld en ferbjustere oer de útkomst fan it petear. Hy wol graach wer by Caparis oan it wurk. De rjochter hat dat ferline wike ek besletten. Der binne gjin feiten of omstannichheden troch de rjochter fûn om him te skorsen.

Klaas Weissenbach

Caparis hie Sinnema tegearre mei kollega Klaas Weissenbach skorst. De nije direkteur Ben Gerrits fan Caparis hie neffens eigen sizzen ûnregelmjittichheden ûntdutsen by de beneaming fan de beide direkteuren. De rjochter hat sein dat it yn alle gefallen Sinnema net oan te rekkenjen is. Gerrits wie tiisdeitejûn ûnberikber foar kommentaar. De saak tusken Caparis en de oare skorste direkteur Weissenbach spilet op 9 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)