'Belevingsvluchten' JSF ferskood nei tongersdei

De 'belevingsvluchten' dy't de twa JSF's (F-35's) woansdei meitsje soene, binne ferskood nei tongersdei. De fluchten wurde makke sadat omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert de mooglikheid ha om it lûd fan de JFS's te fergelykjen mei it leven fan de F-16.
Dat soe woansdei barre, mar dat giet oer fanwegen it waar. De loft is woansdei te bot berûn, sadat de piloaten net op sicht fleane kinne. Dat is needsaaklik as de piloaten op de legere rûtes boppe de stêd fleane moatte om in goeie yndruk jaan te kinnen fan it leven dat makke wurdt.
JSF foar it earst yn Europa
De twa JSF's binne moandeitejun oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert. It is foar it earst dat it tastel yn Europa te sjen is foar it publyk. Gewoanwei stean se yn Amearika.