Grut ûndersyk nei sededelikt 60-jierrige frou yn Ljouwert

© ANP XTRA
De plysje is mei in grut ûndersyk begûn om de man te finen dy't sneintejûn in 60-jierrige frou út Ljouwert yn har hûs seksueel misbrûkt hat. De fertochte kaam op de fyts nei it hûs fan de frou, út de rjochting fan de Grinzerstrjitwei en is letter wer fuortfytst yn de rjochting fan de Gerbrandywei. De plysje hat moandei in buertûndersyk dien en giet der hjoed fierder mei. De plysje freget ek oft tsjûgen har melde wolle.
Kinne jo helpe, nim dan kontakt op mei it ûndersyksteam yn Drachten op 0900-8844 of anonym op 0800-7000.
Sinjalemint
It slachtofffer koe it folgjende sinjalemint jaan. De fertochte is in blanke man fan ûngefear 30 jier en 1.70 meter grut. Hy hie koart donker hier en seach der goed út. Op beide boppe-earmen hie er in tatoeaazje en hy prate sûnder aksint. De fertochte hie in basebalpet op en droech in heallange jas, in spikerbroek en hege donkere (kuier)skuon mei fiters.