Mûne Rust Roest by Muntsjesyl kriget grutte opknapbeurt

24 maaie 2016 - 10:45

De Stichting Erfgoed Kollumerland kin oan de slach mei de restauraasje fan de mûne Rust Roest by Muntsjesyl. De stichting hat mei help fan alderhande fûnsen genôch jild binnenkrigen foar de opknapbeurt.

De wjukken en it reiden tek moatte opknapt wurde en de sturtbalke ferfongen. Dêrneist wol de stichting dat de mûne tenei net allinnich mar draait, mar ek echt nôt mealle kin. De restauraasje begjint kommende tongersdei offisjeel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)