Learlingen Ljouwert dogge mei oan "tekenfestijn" op skoalle

24 maaie 2016 - 09:35

Learlingen fan de Dr. Algraskoalle yn Ljouwert dogge tiisdei mei oan in grut "tekenfestijn". Oanlieding is dat fiif leararen fan de skoalle de ôfrûne tiid meidien hawwe oan de Tekenskoalle; in kursus foar learkrêften fan basisskoallen om better tekenje te kinnen. Dêrneist hawwe de dielnimmers les krigen yn it goed begelieden fan learlingen yn it ûntwikkeljen fan har kreativiteit.

Yn totaal dogge 370 learlingen mei oan it "tekenfestijn". Se krije de opdracht in klassetekening te meitsjen.

By de útfiering krije de bern help fan NHL-studinten fan de oplieding dosint Byldzjende Keunst en Foarmjouwing. Dit skoaljier diene 22 juffen en masters fan tolve Fryske basisskoallen mei oan it projekt Tekenskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)