UPDATE Boat baarnt út yn jachthaven Snits

24 maaie 2016 - 08:36

Yn de jachthaven oan de Griendykstersyl yn Snits is tiisdeitemoarn in boat útbaarnd. De brânwacht wie gau oanwêzich, mar de flammen sloegen doe al út it dak. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare jachten. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Der wie net ien oan board fan it jacht.

Fanwegen de reekûntwikkeling die de brânwacht in warskôging út nei omwenners om út de reek te bliuwen. De brânwacht hat oaljeskermen pleatst om foar te kommen dat it wetter yn de jachthaven fersmoarge rekket. 

Trefwurden: 
brân boat Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)