AZC op It Hearrenfean moat der foar de krystdagen stean

24 maaie 2016 - 08:28

Foar de krystdagen moat it asylsikerssintrum op It Hearrenfean der stean. Der komme 600 flechtlingen te wenjen. De komst fan it sintrum drige fertraging op te rinnen, om't it COA ynienen mei oare easken kaam dy't tsjin eardere ôfspraken yngiene. Sa woe it COA ôf fan de fêste bebouwing en moasten der tydlike wenunits komme.

De gemeente hat dat no keard en it COA hat de hantekening setten. Hearrenfean sil dat op koarte termyn ek dwaan en dan kin der boud wurde. Neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan is der in soad animo ûnder de omwenners.

Hy ferwachtet dan ek gjin beswieren dy't it bouproses fertraagje kinne.

Trefwurden: 
AZC It Hearrenfean COA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)