UPDATE Brânwacht yn aksje foar brân yn timmerfabryk Dokkum
De brânwacht hat tiisdeitemoarn yn aksje west foar in lytse brân by timmerfabryk TechnoTrain oan de Op de Tuinen yn Dokkum. Dêr wie brân yn in kontener mei houtmoal.
De brânwacht hie it fjoer gau út. De kontener stie yn in loads fan 400 kante meter. Dy waard koarte tiid evakuearre.