Frysk bedriuwslibben helpt njoggen prostituees oan oar wurk

24 maaie 2016 - 07:23

In hieltyd gruttere groep prostituees kin mei help fan it Fryske bedriuwslibben har âlde libben achter har litte. Dat konstatearret Fier Fryslân. Begjin 2015 is de organisaasje úteinset mei in projekt dêr't prostituees yn holpen wurde om oar wurk te finen.

Oant no ta hawwe al njoggen froulju de oerstap meitsje kind. Dat is neffens Fier Fryslân in soad, sjoen de efterstân dy't dizze kwetsbere groep hat. It projekt rint oant 2017, mar Fier Fryslân wol it projekt ek dêrnei trochsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)