SP protestearret by komst JSF nei Ljouwert

23 maaie 2016 - 23:07

Net allinnich leafhawwers fan de JSF hiene moandeitejûn harren wei fûn nei de spottersbulte by Marsum, ek tsjinstanners fan it nije fleantúch wiene by it útkykpunt te finen. Dizze kear lykwols gjin tsjinstanners dy't it lûd bekritisearje, mar dy't hielendal op gefjochtsfleantugen tsjin binne. In groep jonge oanhingers fan de SP hiene de oankomst fan de JSF útkeazen om te protestearjen tsjin bombardeminten yn Syrië.

Under oare mei spandoeken hope de jongerein harren stânpunt oan ûnder oare de spotters dúdlik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)