"Lûd JSF falt ta, mar neiferbaarner stiet noch net oan"

"As it altyd sa giet, dan meie der wol hûndert komme. Mar dêr bin ik net gerêst op. Wy moatte earst woansdei ôfwachtsje, as se fleane mei de neiferbaarner oan." Dat seit Hans Wassenaar fan Doarpbelang Marsum. Hy stie mei in desibelmjitter yn Jelsum doe't de F-35's (JSF's) dêr oerkamen.
Wassenaar woe net sizze hoefolle desibel oft it mjitapparaat oanjoech. Hy tinkt dat it fleantúch bytiden noch wol folle mear leven meitsje kin: "As ik fabrikant wie fan it fleantúch, dan hie ik it ek sa dien."
Yn Marsum binne de soagen grutter wurden nei de komst fan de JSF. De lâningsbaan leit tsjin it doarp oan, It fleantúch giet dan hiel leech oer it doarp hinne.