Heale finale lanlik senioare-sjongfestival is yn Fryslân

23 maaie 2016 - 19:14

Ien fan de heale finales fan it lanlik sjongfestival foar âlderein wurdt foar it earst yn it 25-jierrich bestean fan it festival hâlden yn Fryslân. Dekôr yn oktober is it Posthûsteater op It Hearrenfean. Yn it ferline wiene der wol foarrûnen yn Fryslân, bygelyks yn mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. De organisaasje hat ôfrûne wike op lokaasjebesite op It Fean west en wie tige tefreden.

It sjongfestival is bedoeld foar minsken fan 55 jier ôf. De âldste dielnimmer oant no ta is 92 jier. De finale is yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)