F-35 komt mei fertraging oan yn Nederlân

23 maaie 2016 - 18:57

De twa nije gefjochtsfleantugen fan it type JSF komme letter oan yn Ljouwert as earst ferwachte. De tastellen soene earst moandeitejûn om acht oere oankomme op de fleanbasis. Dat wurdt no kertier foar njoggenen. Dat meldt it ministearje fan Definsje. De reden fan de fertraging is net fan technyske aard. De fleantugen binne te let ôfset út Amearika.

De twa F-35's komme foar it earst yn Nederlân. Se bliuwe hjir trije wike. Definsje is fan doel de nije Joint Strike Fighters (JSF) yn 2019 definityf yn Nederlân te stasjonearjen. De F-35 is de ferfanger fan de F-16. Der is krityk op it nije tastel, omdat it folle mear leven meitsje soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)