FIDEO: Arnolda en Aleida reanimearje man op strân

23 maaie 2016 - 17:53

Arnolda en Aleida binne bedriuwshelpferlieners. Sy hawwe op it strân fan Makkum in man reanimearre. It is fan 'e wike de wike fan it 'Klopjend hert foar Fryslân'. Doelstelling is om in grut reanimaasje-netwurk yn Fryslân op te setten. Dat is nedich, omdat Fryslân achterrint op oare regio's yn Nederlân, as it giet om boargers dy't reanimearje kinne. Stichting Hartveilig Fryslân wol dêr feroaring yn bringe en is úteinset mei de aksjewike 'Klopjend hert foar Fryslân'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)