Fryslân hat gjin problemen op 'Spoedeisende Hulp'

23 maaie 2016 - 13:06

Pasjinten dy't nei de 'Spoedeisende Hulp' moatte, kin dêr fanwege opnamestops lang net altyd te plak. Sikehuzen en meldkeamers yn Noard-Hollân en Flevolân ha minister Schippers dêroer in brânbrief stjoerd.

Yn Fryslân spilet dit probleem net, om't sikehuzen goeie âfspraken makke ha om mekoar by need te helpen. De pasjintfeiligens stiet derby foarop, seit Remko Seinstra fan sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
sikehûzen Tjongerskâns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)