Gemeenten wolle de rêst werom hawwe by Caparis

23 maaie 2016 - 12:51

De gemeenten dy't oandielhâlder fan Caparis binne, wolle de rêst sa gau as mooglik werom hawwe by de wurkfoarsjenningsorganisaasje. Dat seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert, ien fan de acht Fryske oandielhâldende gemeenten.

Fan 'e moarn hawwe de wethâlders yn it gemeentehûs yn Burgum in petear hân mei de ried fan kommissarissen en de direkteur fan Caparis. Ofrûne tongersdei sei de ûndernimmingsried fan Caparis it betrouwen yn de ried fan kommissarissen op.

De ûndernimmingsried is ek dwaande mei in juridyske proseduere tsjin de ried fan kommissarissen, omdat dy ried de kandidaat-kommissaris fan de ûndernimmingsried net akseptearje wol. Boppedat soe der in eangstkultuer yn it bedriuw wêze. Wethâlder Feitsma hat goede hoop dat de partijen harren skeel yn petearen oplosse kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)