Arriva set 500 tydlike kontrakten om yn fêste banen

23 maaie 2016 - 10:27

Ferfierbedriuw Arriva set de kommende jierren 500 tydlike kontrakten om yn fêste kontrakten. Boppedat wol it bedriuw fyftich minsken yn tsjinst nimme dy't no noch in grutte ôfstân hawwe ta de arbeidsmerk. Ien en oar stiet beskreaun yn it Sociaal Arbeidsplan fan Arriva.

It giet goed mei it ferfierbedriuw. It fersoarget bus- en treinferfier yn tsien provinsjes yn Nederlân en neffens direkteur Anne Hettinga bestiet de kâns dat de groei der noch net út is. Hy fynt dêrom dat it bedriuw no wat werom dwaan moat foar de mienskip.

Boppedat hopet de direkteur dat as minsken langer by it bedriuw wurkje, de kwaliteit ek omheech giet. Hettinga hopet dat oare bedriuwen it foarbyld fan Arriva folgje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)