Jonge (16) oanhâlden foar stellerij bromscooter

Scooter © Omrop Fryslân
In 16-jierrige ynwenner fan Amersfoort is sneintemiddei oanhâlden foar stellerij fan in scooter. De eigener, in 32-jierrige Ljouwerter, hie de scooter útliend oan syn broer en freondinne om nei AquaZoo te gean. Nei de besite oan de dieretún yn de Griene Stjer wie de bromscooter lykwols fuort.
Doe't de eigener syn broer en freondinne ophelje woe, seach er in jonge mei de scooter út de boskjes komme. De help fan de plysje waard ynroppen en dy hat de jonge meinaam nei it buro.