Organisaasje Loop Leeuwarden tefreden oer nije lokaasje

22 maaie 2016 - 18:17

As it oan de organisaasje fan Loop Leeuwarden leit, dan is de start- en finishlokaasje fan it rinevenemint takom jier wer op it Saailân. Foarhinne wie dy altyd op it Aldehoustertsjerkhôf en dit jier foar it earst op it Saailân. Dat befoel goed.

It rinevenemint yn de Fryske haadstêd hie dit jier in rekôrtal dielnimmers: rom 7300. De organisaasje seit dat it maksimum oantal dielnimmers noch net berikt is. Se hawwe as doel safolle mooglik minsken oan it bewegen te krijen.

By mear dielnimmers, moatte der wol organisatoaryske maatregels nommen wurde. Foaral by de start fan de populêre tsien kilometer, mei twatûzen dielnimmers dit jier. De organisaasje tinkt der oer om dan mei startfakken te wurkjen.

Trefwurden: 
Loop Leeuwarden hurdrinnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)