Motorrider jaget mei 205 kilometer yn de oere oer A7

22 maaie 2016 - 17:22

In 30-jierrige motorrider fan De Jouwer moast snein syn rydbewiis ynleverje by de plysje. De man jage mei 205 kilometer yn de oere oer de A7 by De Jouwer.

De korrizjearre snelheid fan de Jouster wie 199 km yn de oere, noch altyd 69 km te hurd. De plysje hat syn rydbewiis ôfpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)