Haadklasse komt tichteby foar oppermachtich FVC yn Assen

22 maaie 2016 - 17:03

FVC hat snein stunt troch yn de neikompetysje mei 5-1 te winnen by haadklasser Achilles 1894 yn Assen. Dêrmei dogge de Ljouwerters goeie saken yn de striid om promoasje nei de haadklasse.

By it skoft stie FVC mei 2-0 foar troch goals fan Rick van Loon en René Hoen. Nei it skoft makken Ruurd Algra, Jeffrey Hollander en Jordy van Loon dien wurk foar FVC. Rachid Traore skoarde foar Achilles 1894 de earetreffer. Tongersdei is yn Ljouwert de return. 

Trefwurden: 
FVC fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)