Partoer Van der Bos wint yn Sint-Anne

22 maaie 2016 - 16:51

De frije formaasjepartij yn Sint-Anne is snein wûn troch Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Se fersloegen Menno van Zwieten, Pier Piersma en Sjoerd de Jong yn de finale mei 5-4 en 6-6. It is de earste oerwinning dit seizoen foar it partoer fan Van der Bos.

De lytse preemje gie nei Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)