Skipsbrân by Jousterslûs op De Broek

© HVnieuws.nl
Op in jacht by de Jousterslûs op De Broek hat sneintemiddei brân west. De brân ûntstie nei alle gedachten yn de masinekeamer fan it skip. Neffens de brânwacht binne de seis opfarrenden feilich fan board kaam.
De brânwacht wie oanwêzich mei korpsen fan De Jouwer, Langwar en Heech. Ek waarden twa boaten ynset. Der kaam flink wat reek frij by de brân, mar it fjoer wie gau ûnder kontrôle.