SC Cambuur degradearret definityf nei Jupiler League

22 maaie 2016 - 14:24

SC Cambuur degradearret definityf nei de Jupiler League. Der wie foar de Ljouwerters noch in lytse kâns om yn de earedifyzje te bliuwen troch de degradaasje fan FC Twente. Dy mooglikheid is no fuort, trochdat De Graafschap yn de neikompetysje ferslein waard troch Go Ahead Eagles. De klup út Deventer wûn de earste wedstriid tongersdei mei 4-1 fan De Graafschap. Snein einige de return yn Doetinchem yn 1-1.

As sawol De Graafschap as Willem ll yn de neikompetysje winne soe, wie Cambuur yn de earedifyzje bleaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)