Steatssekretaris makket him soargen oer lytse basisskoallen

Steatssekretaris Sander Dekker fan ûnderwiis hat soargen oer de takomst fan lytse basisskoallen yn krimpgebieten, lykas op guon plakken yn Fryslân. Hy fynt dat skoallen it der tefolle op oankomme litte. Neffens Dekker moat der gauwer en folle mear gearwurking mei oare skoallen socht wurde. Ek seit hy dat der net te swier tild wurde moat oan de ûndergrins fan learlingen foar skoallen om iepenbliuwe te kinnen.
De ûndergrins leit no op 23 learlingen en kin oprinne oant twahûndert. Ek it oantal learlingen per fjouwerkante meter hat ynfloed op de werklike ûndergrins.