Willem de Boer wint heale maraton by Loop Leeuwarden

Willem de Boer fan Eksmoarre hat de heale maraton by de Loop Leeuwarden wûn. De 38-jierrige hurddraver kaam nei 1 oere, 12 minuten en 37 sekonden oer de streek. Twadde waard Tim Tesselaar fan Den Helder, hy finishe rom twa minuten efter De Boer. Ljouwerter Remon van Lunzen einige as tredde. By de froulju gie de oerwinning nei de Keniaanse Nancy Arusei. Sy finishe yn 1 oere, 14 minuten en 21 sekonden. Samantha Wolfslag fan Ljouwert waard twadde yn 1.26.51. It tredde plak wie foar Jolanda Jansen.
De Keniaanse winner, Arusei, komt út 'e stâl fan manager Eeuwe van der Meulen, in Fries om utens.