Berchbeklimmer Achterbosch foarsichtiger by folgjende tocht

22 maaie 2016 - 12:41

Berchbeklimmer Hans Achterbosch út Ljouwert is skrokken fan it nijs dat de Nederlânske berchbeklimmer Eric Arnold op de Mount Everest ferstoarn is. Arnold ferstoar neidat hy de top berikte oan hichtesykte. Ek in Australyske frou is op de heechste berch fan 'e wrâld ferstoarn. Achterbosch hat yn 'e jierren '90 twa kear besocht om de Mount Everest te beklimmen, mar is ôfheakke om't hy tsjûge wie fan it ferstjerren fan twa oare berchbeklimmers. Achterbosch koe Eric net persoanlik, mar folge him fia social media en syn blog op 'e foet.

Achterbosch beklimt noch regelmjittich hege bergen oer de hiele wrâld, en dit nijs hâldt him net tsjin. Wol sil hy ekstra foarsichtich wêze by syn folgjende klim, dêr't hy no twa dagen ekstra foar útlûkt. Yn juny sil hy de Damavant yn Iran beklimme. Dy is hast 5700 meter heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)