Partoer Gerrit Groen wint Sêftebal PC yn Frjentsjer

21 maaie 2016 - 18:10

It partoer fan Gerrit Groen, Jasper Boomsma en Hans Wassenaar hat sneon de finale wûn mei 5-2 en 6-0. Se wienen yn de finale te sterk foar Rinze Steneker, Hendrik Bouwhuis en Rutger Vallinga op de Sêftebal PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Groen pakte de earste trije buordsjes en dêrnei rûnen Steneker-en-dy achter de feiten oan.

De lytse preemje wie foar de partoeren fan Jan Geert Dijkstra en Allard Hoekstra. Lêstneamde ferlear yn de heale finale fan de lettere winner. Oan de fyfde edysje fan de Sêftebal PC dienen 64 partoeren mei.

Trefwurden: 
keatsen PC Frjentsjer Sêftebal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)