Gersleat-Polder krijt lang om let doarpskeamer

De doarpskeamer fan Gersleat-Polder komt der lang om let. Seis jier lang ha se der mei dwaande west. Mei finansjele stipe fan ûnder oare de gemeente en it Oranjefûns liket dat no goed te kommen. It moat in soarte fan lyts doarpshûs wurde foar de mienksip yn De Deelen.
Meielkoar wenje hjir sa'n 160 minsken. It wurdt tiid dat dy in plak krije dêr't se aktiviteiten dwaan en hâlde kinne. Mei de bou begjinne se dizze simmer.