Wethâlders prate rieden meikoarten by oer kwestje Caparis

22 maaie 2016 - 09:30

In byienkomst op koarte termyn moat de acht gemeenterieden byprate oer de situaasje by de sosjale wurkfoarsjenning Caparis. De ferantwurdlik wethâlders prate de rieden dan by. De PvdA-fraksjes fan de acht gemeenten hiene hjir om frege. Se hawwe grutte soargen en fine Caparis in 'skip op drift'.

De PvdA neamt yn in brief it gerommel yn de direksje, de ried fan kommissarissen dy't net kompleet is en de organisaasje dy't him net oan de CAO hâlden hat. Boppedat hat de ûndernimmingsried it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen opsein.

Yn Caparis wurkje acht gemeenten gear. It binne Achtkarspelen, Hearrenfean, Ljouwert, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Caparis wethâlder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)