Status nasjonaal park jout Alde Feanen ympuls

De status fan nasjonaal park hat de Alde Feanen by Earnewâld in ympuls jûn. Dat fynt Anton Huitema fan It Fryske Gea, de behearder fan it natuergebiet. It is tsien jier lyn dat de Alde Feanen nasjonaal park wurden is.
De Alde Feanen hat mear bekendheid krigen en de gearwurking tusken ferskate partijen dy't mei dit gebiet te krijen hawwe, is ferbettere, seit Huitema. Boppedat binne der kuierpaden, ynformaasjepanielen en is der in besikerssintrum kommen.
Wetterkwaliteit ferbetterje
Dochs is it wurk noch lang net klear. Sa wurdt der hurd wurke om mear wetterplanten yn it wetter by de Alde Feanen te krijgen sadat de wetterkwaliteit ferbetteret. Ek wurdt der baggere om it wetter goed tagonklik te hâlden foar de rekreanten mei in boat.