Capariswurknimmers gean op toernee by wethâlders del

21 maaie 2016 - 15:47

Wurknimmers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis sille op 30 maaie by de wethâlders del om omtinken te freegjen foar har posysje by Caparis. Fakbûn FNV organisearret de toer troch de provinsje. Der is krisis yn de lieding fan it bedriuw.

De ûndernimmingsried hat it fertrouwen opsein yn de ried fan kommissarissen en Caparis hat in saak ferlern tsjin in skorste direkteur. De meiwurkers wolle dat de oandacht wer útgiet nei harren wurk en de wurknimmers yn stee fan oer jild en spul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)