Halbe Zijlstra: ''Ynvestearje yn Fryske ynfrastruktuer''

De flugge treinferbining tusken Fryslân en de Rânestêd hie der komme moatten. Dat seit fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra fan de VVD yn Den Haach. Dat dy ferbining der net kaam is, is in fout út it ferline, seit er. "Mar it kin noch hieltyd. Dat soe in enoarme ympuls wêze foar de regio." Zijlstra wol goed ynvestearje yn de Fryske ynfrastruktuer.
"De Súdwesthoeke leit hiel ticht by Skiphol, by Amsterdam, by de Rânestêd. En as we ynvestearje yn ynfrastruktuer, wurdt it lân noch lytser as it al is. Dan komme bedriuwen ek dizze kant op."
Zijlstra komt oarspronklik fan Easterwâlde. Hy hat in protte mei Fryslân, seit er, "al is it allinne mar om't myn âlden hjir wenje. Ik kom om de pear wiken dizze kant op." Zijstra is freed yn Ljouwert foar it lanlik ledekongres fan de VVD. Dat is yn it WTC Expo.
Foar hiel Nederlân opkomme
De VVD-fraksjefoarsitter stiet der net bepaald om bekend dat er opkomt foar de Fryske saak. Bewust, seit er. "Ik sit der foar hiel Nederlân, en net allinne foar Fryslân. Ik ha altyd wol problemen mei minsken dy't allinne mar foar it regionale belang geane. Ik fyn, as we it foar hiel Nederlân goed dogge, dogge we it ek foar Fryslân goed, mar as we it allinne foar Fryslân goed dogge, dogge we it miskien net foar hiel Nederlân goed."
Minister
As der by de kommende ferkiezingen genôch minsken op de VVD stimme, en as Mark Rutte in stapke weromdwaan soe, dan is Zijlstra ree om syn posysje oer te nimmen. "No is dat net oan de oarder. Ik hoopje dat Rutte trochgiet. Ik ken gjin politikus dy't sa by steat is om de ferskillen dy't der binne yn de politike Den Haach-sitewaasje oer te kommen." It fraksjefoarsitterskip ynwikselje foar in ministerspost? "Dat liket my in hiel goed plan!"