Mear as tûzen spotters ferwachte by oankomst JSF yn Ljouwert

Der komme moandei mear as tûzen fleantúchspotters nei Ljouwert om foar it earst de JSF (de F-35) te sjen. Dat ferwachtsje de loftmacht en de Ljouwerter spottersklup. De JSF lânet moandei op de fleanbasis. It is foar it earst dat it tastel út Amearika nei Europa komt.
"Bij grote oefeningen zijn gerust duizend spotters, maar dat aantal kan maandag wel eens worden verdubbeld", seit Joop de Groot, foarsitter fan de Aviation Group Leeuwarden (AGL). "Ik werk zelf in Oss, maar heb een dag vrij genomen. Ik kijk er ontzettend naar uit.''
Primeur
Om acht oere jûns hinne sil it tastel lânje. En neffens de planning fan de loftmacht sille it der sels twa wêze. Der binne in protte leden fan de spottersklup dy't dat sjen wolle. "We hebben hier de primeur, dus ik denk dat spotters uit heel Europa naar Leeuwarden komen. Het wordt dringen, ook tijdens de testvluchten die de komende tijd worden uitgevoerd."
Ek de meiwurkers fan de loftmacht sjogge út nei de komst fan de JSF. "Iedereen is in rep en roer", seit wurdfierder Sidney Plankman. "Ook bij ons hebben veel medewerkers het toestel nog nooit gezien. Ze zijn nieuwsgierig naar waar ze op termijn mee gaan werken."
Drokte by hotels
Sûnt bekend wurden is dat de JSF nei de fleanbasis komt, rint it stoarm by Ljouwerter hotels. De VVV krige tsientallen mails en telefoantsjes. "Als we daar op af moeten gaan, dan wordt het de komende dagen druk bij de hotels", seit Tineke Louwenaar fan de VVV. "En tijdens de Luchtmachtdagen in juni is het vrijwel onmogelijk om nog een kamer te boeken."
It Hampshire Hotel Oranje Leeuwarden krige foar moandei ek in protte ekstra boekingen. "Alles wat op de vliegbasis gebeurt, trekt belangstellenden uit binnen- en buitenland", seit Aagje Faber fan it hotel. ,,Tijdens de Luchtmachtdagen zijn we volgeboekt. De vliegbasis zorgt altijd al voor een enorme economische spin-off bij hotels en restaurants, maar de komst van de JSF maakt bijna een soort van gekte los."