Plysje hâldt alkoholkontrôle yn Opsterlân en Smellingerlân

Alkoholkontrôle © ANP
Yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân hat de plysje freedtenacht in grutte alkoholkontrôle hâlden. Mear as 300 minsken waarden kontrolearre. Trije fan har hienen tefolle dronken, wêrûnder in 17-jierrige jonge. Hy waard oanhâlden nei't er by Sigerswâld mear as fjirtich kilometer te hurd ried. It die bliken dat de jonge gjin rydbewiis hie.
Ek in oare automobilist en in bromfytser waarden betrape op it riden ûnder ynfloed. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.