Ried fan kommissarissen Caparis nûget ûndernimmingsried út

De ried fan kommissarissen fan Caparis hat de ûndernimmingsried fan it bedriuw in útnûging stjoerd om op koarte termyn mei-inoar yn petear te gean. Dy útnûging folget op it beslút fan de ûndernimmingsried om it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen op te sizzen. De ûndernimmingsried is ek dwaande mei in juridyske proseduere tsjin de ried fan kommissarissen, omdat dy de kandidaat-kommissaris fan de ûndernimmingsried net akseptearje wol.
De ried fan kommissarissen fan Caparis wol nei bûten ta fierder net ynhâldlik reagearje op de parseferklearring fan de ûndernimmingsried. Neffens de ried fan kommissarissen hat Caparis op dit stuit benammen baat by rêst. Se wolle de aksje fan de ûndernimmingsried wol meikoarten mei de oandielhâlders beprate. De ried fan kommissarissen is ommers allinnich ferantwurding skuldich oan de algemiene gearkomste fan oandielhâlders, sa skriuwt de ried. De ried wol dêrom de parseferklearring fan de ûndernimmingsried - dêr't de ûr it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen yn opseit - allinnich mei de oandielhâlders beprate.