Ds. Hasperskoalle wint Sjongfestival foar bern 2016

Nei in spannende finale is de Ds. Hasperskoalle út Akkrum de winner wurden fan it Sjongfestival foar Bern 2016 wurden. De skoalle giet der mei de gouden mikrofoan fan troch. Sy wûnen mei it ferske ‘Ien en ien’. De sjuery wie tige te sprekken oer it optreden fan de skoalle: “Pikefel. It pakt je. Alles kloppe.” It Finster út Warkum wûn de tekstpriis, de priis foar it bêste selsskreaune nûmer.
De finale waard op freedtejûn hâlden yn in grôtfolle Lawei yn Drachten. Acht skoallen stiene yn dy finale.
Sy treden op foar de profesjonele sjuery dy’t bestie út: Krijn Jacob Dijkstra (fan it duo: Die Twa), Janneke Brakels (sjongeres) en Rodney Elzer (fan ‘The Voice of Holland'). De presintaasje fan de finale wie yn hannen fan Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries. De winnende skoalle gie, neist de gouden mikrofoan, nei hûs mei de wikselbokaal: de 'Karin de Jong-priis'. De twadde priis, de sulveren mikrofoan, is wûn troch De Balsemyn út Eastermar mei it nûmer ‘De merke’. De brûnzen mikrofoan is wûn troch It Klimmerblêd út Sint-Nyk mei it nûmer ‘Dyn talint is ús gelok’. Ek oer dy optredens wie de sjuery tige te sprekken “In goeie útstrieling” en “It sjongen bleau moai, wylst sy der ek noch by dûnsen.”

Selsskreaun nûmer

Foar skoallen wie it dit jier foar it earst mooglik om mei te dwaan mei in selsskreaun nûmer. In soad skoallen hawwe dy kans pakt, mar It Finster út Warkum hie neffens sjueryleden Sytse Broersma en Jurjen van der Meer de bêste tekst makke. Dy skoalle gie der dan ek fan troch mei de tekstpriis. De sjuery hie in dúdlike reden om It Finster as winner oan te wizen: "'Mei juf mear muzyk' hat wûn om't de tekst in hiel nij ferhaal fertelt en dochs goed by de muzyk past. Boppedat is de tekst goed út te fieren."
It Sjongfestival foar bern is in inisjatyf fan Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân en wurdt ienris yn de twa jier organisearre. It Prins Bernhard Cultuurfonds, Arjen Witteveen Fûns, Stichting Herbert Duintjes Fonds, Stichting Woudsend, Boersma-Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting stypje it Sjongfestival mei in finansjele bydrage. Oan it Sjongfestival foar bern kinne bern út groep 6, 7 of 8 fan basisskoallen yn Fryslân meidwaan.