Grouster VVV-kantoar wer feestlik iepene

20 maaie 2016 - 19:47

Nei fiif jier giet yn Grou jûn wer in VVV-kantoar iepen. It kantoar is in oanfolling op de ynformaasjekast, dy't yn it museum yn Grou stiet. It giet om in inisjatyf fan de Stichting Promotie Grou, dy't desimber ferline jier oprjochte waard. It VVV-kantoar is sân dagen yn 'e wike iepen en wurdt draaiende hâlden troch frijwilligers.

It sit oan it Halbertsmaplein yn it sintrum fan Grou. De iepening wurdt dien troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Dy gemeente draacht ek by yn de kosten, lykas de ûndernimmers en pleatslik belang.

Trefwurden: 
VVV Grou iepen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)