Boeren sitte net te wachtsjen op trekker-APK

De Fryske boeren binne tige ûngelokkich mei it foarnimmen fan it ryk dat trekkers oer twa jier in ferplichte APK-keuring krije moatte. Boppedat moatte trekkers takom jier al op de dyk ride mei in registrearre kenteken. Minister Schultz fan Haegen fan ynfrastruktuer en miljeu ferwachtet dat sa de ferkearsfeilichheid ferbettere wurdt.
Neffens de minister kin sa better kontrolearre wurde oft in trekker te hurd rydt, te swier beladen is of bygelyks troch read ljocht riden hat.
Bestjoerslid Tineke de Vries fan LTO Noord hat grutte twifels oft in kenteken op trekkers de feilichheid yn it ferkear ferbetterje sil. Neffens har wurde de boeren sa allinnich mar op ekstra kosten jage. In APK-keuring is hielendal ûnnedich omdat in boer der ommers sels ek alle belang by hat om syn trekker goed te ûnderhâlden. De ynfiering fan it ferplichte trekker-rydbewiis yn dit jier neamt De Vries wol in 'djoere mar positive' ynvestearing yn de ferkearsfeiligens.