Starumer pontgat is restaurearre

20 maaie 2016 - 16:09

Yn Starum wurdt nije wike sneon it restaurearre pontgat offisjeel iepene. It pontgat wie tusken 1900 en 1934 it punt dêr't spesjale stoomponten weigiene nei Enkhuzen ta, mei treinwagons oan board. Se leine oan yn it pontgat en oer in brêge waarden de wagons oan board riden. De lokomotyf bleau oan wâl, omdat dy te swier wie. Yn Enkhuzen wie in selde konstruksje, sadat de treinen fierder ride koene.

Doe't in ein oan dizze tsjinst kaam, bleau yn Starum in gat yn de haven oer, dêr't in soad smoargens yn dreau. It pontgat is no opknapt.

Der is ek in replika makke fan de brêge. Op ynformaasjebuorden is de skiednis fan dit stikje Starum te lêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)