Frjentsjerter fertochte fan ombringen frou bliuwt fêstsitten

20 maaie 2016 - 15:59

De Frjentsjerter (71) dy't der fan fertocht dat er yn febrewaris syn frou (74) om it libben brocht, bliuwt foarearst fêstsitten. Dat hat de rjochtbank freedtemiddei bepaald. Syn advokaat Tjalling van der Goot fynt dat de man gjin gefaar foar de mienskip foarmet en dêrom de behanneling fan de saak op 14 july yn frijheid ôfwachtsje kinne soe. De rjochtbank wie dat net mei Van der Goot iens, sjoen de earnst fan it misdriuw.

Van der Goot hat de rjochtbank ek frege om de broer en skoansus fan de fertochte op 'e nij te hearren.

Neffens de riedsman is dat wichtich om in better byld fan de relaasje tusken de Frjentsjerter en syn frou te krijen. Neffens Van der Goot wie dy relaasje problematysk. By de sitting fan freedtemiddei koene de resultaten fan in psychologysk ûndersyk nei de fertochte noch net brûkt wurde. Itselde jildt ek foar it proses-ferbaal fan de plysje. Beide binne noch net klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)